Home › Noardeast-Fryslân › Motie
Moasje frjemd - Regy op enerzjyperspektyf foar Hallum en Dokkum
Ingetrokken
| Type | Motie |
| Gemeente | Noardeast-Fryslân |
| Datum | 2026-09-24 |
| Dataniveau | Alleen uitslagen |
| Bron | Download brondocument → |
Document
Geëxtraheerde tekst
**Jiertal / saaknûmer: 2026-250493**
Moasje oer in net op de aginda opnaam ûnderwerp
De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 24-09-2026
Underwerp: **Regy op enerzjyperspektyf foar Hallum en Dokkum**
De ried,
heard it beried,
**konstatearret dat:**
- ûndernimmers yn Hallum en Dokkum troch netkongestje beheind wurde yn harren
ûntwikkeling en ferduorsuming;
- it kolleezje foar de mooglikheden oant no ta foar in wichtich part ferwiisd hat nei de
noch fêst te stellen Provinsjale Omjouwingsfisy;
- nei fêststelling fan de POVI dúdlik is binnen hokker provinsjale kaders de gemeente
fierder wurkje kin;
**oerwaget dat:**
- it kolleezje nei fêststelling fan de POVI net langer ôfwachtsje kin, mar sels aktyf de
regy nimme moat;
- ûndernimmers ferlet hawwe fan dúdlikheid oer de oplossings, planning en
beslútmominten;
- de enerzjy- en netsituaasje fan Hallum en Dokkum faninoar ferskilt en dêrom
maatwurk freget;
- de formele status fan energievraagkluster benammen bepalend is foar de provinsjale
romte foar nije wynturbines, mar gjin betingst is om binnen de kaders fan de POVI
aktyf te wurkjen oan enerzjyhubs en oare lokale enerzjy-oplossings
**fersiket it kolleezje:**
1. fuort nei fêststelling fan de POVI aktyf de regy te nimmen en mei de provinsje,
Liander, TenneT, ûndernimmers en oare belutsen partijen ta útfierbere oplossings
foar Hallum en Dokkum te kommen;
2. uterlik 1 desimber 2026 in útfieringsplan mei in konkrete tiidline oan de gemeenteried
foar te lizzen, mei dêryn:
`o` de ûnderskate stappen en mylpeallen foar Hallum en Dokkum;
`o` de noch te beantwurdzjen fragen oer de beskikbere en takomstige
netkapasiteit;
`o` de ôfspraken dy't mei de provinsje, netbehearders en ûndernimmers makke
wurde moatte;
`o` de romtlike en finansjele beslútmominten foar de gemeenteried;
3. binnen de fêststelde kaders fan de POVI de maksimale ynspanning te leverjen om
ûndernimmers perspektyf en útfieringswissichheid te bieden;
4. it ûntwikkeljen fan enerzjyhubs en oare lokale enerzjy-oplossings net ôfhinklik te
meitsjen fan in formele status as energievraagkluster en gjin bewezen, útfierbere en
binnen de POVI passende oplossings op foarhân út te sluten;
5. de gemeenteried alle trije moannen te ynformearjen oer de fuortgong, resultaten en
eventuele fertragingen en gjin ûnomkearbere romtlike of finansjele ferplichtings oan
te gean foardat de ried oer de konkrete oplossings beslute kinnen hat;
en giet oer ta de oarder fan de dei .
Yntsjinne troch: J. Andringa (FNP), PvdA, LNF
|Stemming|Foar:|Tsjin:|
|---|---|---|
|Moasje ynlutsen|Moasje ynlutsen|Moasje ynlutsen|
Tekst uit PDF geëxtraheerd