Home › Noardeast-Fryslân › Motie
Moasje frjemd - Fertrouwensfergunning foar weromkommende eveneminten
Ingetrokken
| Type | Motie |
| Gemeente | Noardeast-Fryslân |
| Datum | 2026-09-24 |
| Dataniveau | Volledige stemdata |
| Bron | Download brondocument → |
Document
Geëxtraheerde tekst
**Jiertal / saaknûmer: 2026-243956**
Moasje oer in net op de aginda opnaam ûnderwerp
De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 24 septimber 2026
Underwerp: **Fertrouwensfergunning foar weromkommende eveneminten**
De ried,
heard it beried,
**konstatearjend dat** :
- in soad ferieningen en (frijwilligers)organisaasjes alle jierren weromkommende
eveneminten organisearje;
- in grut part fan dizze eveneminten al jierren op deselde lokaasje en sûnder grutte
problemen organisearre wurdt;
- organisatoaren ek by in amper feroare evenemint alle jierren wer in folsleine
fergunningsoanfraach mei byhearrende dokuminten yntsjinje moatte, ek as de aard,
omfang en lokaasje fan it evenemint amper of net feroarje;
- yn de APV neamd wurdt dat in evenemintefergunning foar ien evenemint jildt;
- eardere ûnderfiningen mei in evenemint wol meinommen wurde by de risikoyndieling, mar no net liede ta in ienfâldiger fergunningproseduere;
**oerwaagjend dat** :
- it hieltyd op ‘e nij oanleverjen en beoardieljen fan deselde gegevens ûnnedige
administraasjelêst opleveret foar sawol organisatoaren as de gemeente;
- fertrouwen yn organisatoaren dy't har jierrenlang bewiisd hawwe, net betsjut dat de
feiligenseasken ferfalle;
- mei in mearjierrige fergunning en in koarte jierlikse melding feroarings en risiko’s
kontrolearre wurde kinne sûnder alle jierren de folsleine proseduere op ’e nij troch te
rinnen;
- in ienfâldiger wurkwize bydraacht oan it yn stân hâlden fan doarpsfeesten en oare
aktiviteiten dy't wichtich binne foar de mienskip;
**fersiket it kolleezje** :
- in regeling út te wurkjen wêrtroch organisatoren fan weromkommende eveneminten
net mear alle jierren in folsleine fergunningsoanfraach hoege yn te tsjinjen;
- dêrby út te gean fan in mearjierrige evenemintefergunning, oftewol de
“fertrouwensfergunning” mei in koarte jierlikse melding fan de datum, de
kontaktpersoan en eventuele feroarings;
- objektive kritearia op te stellen, wêrby’t yn elts gefal sjoen wurdt nei it oantal goed
ferrûne edysjes, de organisator, de lokaasje, de aard en omfang fan it evenemint en it
risikoprofyl;
- te regeljen dat allinnich feroare gegevens en dokuminten op ’e nij oanlevere wurde
moatte en dat by relevante feroarings, ynsidinten of nije risiko’s in nije beoardieling
plakfynt;
- de ried úterlik 1 febrewaris 2027 in konkreet foarstel foar te lizzen, mei dêrby oan te
jaan hokker oanpassingen fan de APV en/of it Evenemintenbelied nedich binne om in
mearjierrige evenemintefergunning mooglik te meitsjen,
en giet oer ta de oarder fan de dei.
Yntsjinne troch: Bouwina van Dellen (FNP), LNF, PvdA, BBB
|Stimming|Foar:|Tsjin:|
|---|---|---|
|Moasje ynlutsen|Moasje ynlutsen|Moasje ynlutsen|
Tekst uit PDF geëxtraheerd
Stemverdeling
Voor (26)
Individuele stemmen
| Raadslid | Partij | Stem |
|---|---|---|
| Jitze Andringa | FNP | voor |
| Anton Buwalda | FNP | voor |
| Mark de de Boer | S!N | voor |
| Jan Dekkema | ChristenUnie | voor |
| Digna Ferwerda-Havenga | VVD | voor |
| Johan Lammering | PvdA | voor |
| Femke Meindertsma | FNP | voor |
| Jesse Nutma | S!N | voor |
| Jaap Postema | Raadsleden Noardeast-Fryslân | voor |
| Gryte Schaafstal | PvdA | voor |
| Ruurd-Jan Torensma | S!N | voor |
| Bouwina van van Dellen | FNP | voor |
| Dirk van der van der Meulen | ChristenUnie | voor |
| Marije van der van der Staal | S!N | voor |
| Siebe Vogelzang | Liberaal Noardeast-Fryslân | voor |
| Fedde Breeuwsma | FNP | voor |
| Hayo Halbersma | CDA | voor |
| Klaas de Jager | Raadsleden Noardeast-Fryslân | voor |
| Hanneke Jouta | Raadsleden Noardeast-Fryslân | voor |
| Sjoerd Keizer | S!N | voor |
| Dirk Kooistra (raadslid) | Raadsleden Noardeast-Fryslân | voor |
| Manon van der Meij | Raadsleden Noardeast-Fryslân | voor |
| Janke Maria van Midlum-Huisman | Raadsleden Noardeast-Fryslân | voor |
| Geertje Schoorstra-Boeijenga | CDA | voor |
| Johan Talsma | Raadsleden Noardeast-Fryslân | voor |
| Lysbeth Vellinga-Zeilstra | ChristenUnie | voor |